Kategoryen

No products in the cart.

De tsien fan Martens Afke - Strip

Nynke van Hichtum

12,95

Details

Nei it boek fan Nynke fan Hichtum

Hoe’t it libben der in foech hûndert jier lyn yn Fryslân útseach, dêr kinne wy ús troch Nynke fan Hichtum wol in goede foarstelling fan meitsje. Hja skreau mei De tsien fan Martens Afke – dat ynearsten yn it Nederlânsk ferskynde, ûnder de titel Afke’s Tiental  – in prachtich berneboek oer it drege bestean fan in earm arbeidersgesin út Wergea. It boek is einliks in soarte reallife-soap, want de famylje mei de tsien bern bestie echt, al hiene hja yn werklikheid oare nammen.

Skriuwster Nynke fan Hichtum hie in soad bewûndering foar Afke. Alhoewol’t de soarch foar de tsien bern dreech wie, twong Afke in protte respekt ôf. Se wie de ideale mem, dy’t foar eltsenien klearstie, leaf wie, en mei it bytsje jild dêr’t it gesin fan rûnkomme moast in bulte foarinoar krige.

It boek oer Afke en har gesin waard al gau hiel populêr. Op dy manier fernamen ek in soad minsken yn de rest fan it lân hoe’t it libben yn Fryslân wie. Dat hat der mei foar soarge dat by de rikere befolking yn de stêden mear begryp ûntstie foar it libben yn earme arbeidersgesinnen op it plattelân.

Noch hyltyd is De tsien fan Martens Afke in werkenber ferhaal dat de lêzer oant de lêste side fêsthâldt. It lit sjen dat, ek al hat de tiid yn Fryslân net stilstien, guon situaasjes fan alle tiden binne. En dizze klassiker is no ek nochris prachtich ferbylde, mei tank oan it fraaie tekenwurk fan Dick Matena.

It bliuwt in skitterjend berneboek, dêr’t ek grutten wille oan belibje kinne. Dat wie krekt wat Nynke fan Hichtum graach woe: skriuwe foar bern fan 8 oant 88 jier.

Author : Nynke van Hichtum ISBN : 9789079287529 Pages : 63 Language : Frysk Publisher : Uitgeverij Personalia Format : Stripboek Illustrator : Dick Matena Kategory: , , , , .

Relatearre produkten