De tocht fan de Argonauten - Apollonios fan Rhodos
Klaas Bruinsma
€24,50
Details
De Tocht fan de Argonauten
Apollonios fan Rhodos
De Argonauten belibje in bulte aventoeren as Jason it Gouden Flues helje moat en Medéa him helpt mei tsjoenderskeunst
Troch alle tiden hinne hat it ferhaal fan it Argonautenskip, fan Jason en it Gouden Flues en de tsjoenster Medéa ta de ferbylding sprutsen. En noch hieltyd lêze we mei niget hoe’t de jonge held Jason de útdaging oannimt om de riskante, suver ûnmooglike taak op him te nimmen om it Gouden Flues te bemasterjen, dat bewekke wurdt troch in neasliepende draak. Jason syn doel is, hjirtroch it regear fan syn omke Pélias werom te krijen. Omke Pélias hopet fansels dat syn betingsten te dreech binne foar Jason, en dat dy de opjefte net folbringe sil. Mar al oan it begjin fan it ferhaal fiele we, dat dat wolris oars útpakke kin. De hiele tarieding ta de tocht, alle helden dy’t har by Jason foegje, de help fan guon goaden en goadinnen, dat alles makket dat we as lêzer hoop krije op in goede ôfrin. Mar dan komme de problemen en wurdt it tige spannend: gefaarlike seestreamingen, wynstilten, gefjochten mei fijannige hearskers, helden dy’t ûnderweis sneuvelje, en noch ûnderskate oare swierrichheden meitsje hja mei. As Jason úteinlik mei help fan de tsjoenster Medéa it Gouden Flues yn hannen kriget, liket de opdracht foltôge. Mar Jason hat syn oerwinning net fergees krigen: wat hellet er oan as hy Medéa ûnthjit ‘tank te beteljen foar har help’? Yn elts gefal moatte se earst noch werom nei Jolkos, wat ek wer de nedige aventoeren opleveret. It ferhaal hat in ‘happy end’, inkeld mar spitich dat omke Pélias dêr gjin rol mear yn spilet.
Apollonios fan Rhodos skreau syn dichtwurk likernôch 250 jier foar Kristus, sa’n 500 jier nei Homêros. Lykwols wie hy fan betinken, dat de styl fan de grutte dichter weardefol wie en neifolging fertsjinne. Dy styl is oanhâlden troch de oersetter Klaas Bruinsma. Yn daktylyske heksameters hat hy it prachtige epos De Tocht fan de Argonauten oerset yn floeiend, ryk Frysk, sadat wy ek dít antike erfgoed yn ús eigen moaie taal lêze kinne.
Utjouwerij: Elikser
Leave pake Durk
De huodsjes fan Mata Hari
Winterboek - Foar bern fan 2 o/m 6 jier
It grutte Pake en Beppe Foarlêsboek
Klooster Claercamppad
Grutte Ljochtbrune Hazze - knuffel
Fryslân sliepmûtse - lang
Joazefine yn ´e rein
Kaart: Dikke tút!
Smel is it Strân fan 't Hert
De tún fan Trip
Wat oerblûwt - Ferhaal
'Wel aardig, nou?' - Autobiografische schetsen
De Onnie's en it hynstebal
De geheime doar
Fryslân -muts
Grensland Stellingwerf
It mostersiedsje
Fries goud en zilver
De Bjusterbaarlike Baron
De Hoara's fan Hastings
In delgeande tiid - Ferhalen
Flammen
Pet Fryslân - Donkerblauw/grijze rand
It reade beurske
beppe hat in aaipet
Stip - knuffel Grut (33 cm)
No moatst hearre!
Mem, wat ite wy hjoed?
Foodtocht door Friesland
De skacht en de slinger
Het Beerenburg Evangelie volgens Piter Wilkens
Sex to the Max
Wet fan de eleminten
Middlemarch
Appelscha door de eeuwen heen
Fan de lytse mol, dy't witte wol wa't him op 'e kop skiten hat - printeboek
Basisgrammatica Fries
Nijntje in ut Franekers
It deistich bestean by âlds - Obe Postma
Tomkes foarlêsfeest
Imitaasjelear
De libbenstoer fan Gerben Visbeek
De tocht fan de Argonauten - Apollonios fan Rhodos
Knyn yn de put
Grûnwetter - gedichten
Tiidwurden
Aves Frisicae - De vogels van Heerkens
Hoe't God ferdwûn út Jorwert
Gozert - yn it Frysk
De Reade Boarre
Heehoo Heehoo De leafde is as de mage fan in ko
It geheim fan de mist
Sitebuorren myn eigen paradys - Audioboek
Wat in ein!
Biografie van de Zuiderzee
Stikelbarchje Prikkeprik
Jij, laatste rebel! - Do, lêste rebel!
In hûs foar Harry
Jentsje syn auto