De smearlappen
Anne Wadman
€15,50
Details
De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy’t langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in ‘gelearde boer’, dy’t hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy’t mei har arkje yn de buert lizze foar baggerwurk. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap.
Doe’t De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor. De auteur skreau foar dy tiid frijmoedich en ûntheisterjend oer seks. It boek waard in bestseller en in Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna.
Dizze achtste printing is makke neffens de sande út 1983 (doe by fersin sechsde neamd), sûnder de tekeningen dy’t dêryn opnommen wiene.
BOEM! Lytse Ûle
Grammatica Fries
Perio - Winterboek
De Weddenskip
Middlemarch
42 Fûgels oan ús kusten / 42 Vögels van uns Küsten
It geheim fan it taalfabryk
Frjemde fûgels - kollums
De Leeuwarder Weeshuisrekeningen 1541-1608
Kaart: myn heity is hiel grappich
De ierde giet troch minskehân teloar
It geheim fan de mist
De frou yn 'e flesse