De Reade Boarre
Trinus Riemersma
€29,50
Details
Yn 1992 ferskynde Trinus Riemersma syn masterwurk De Reade Bwarre. It is in ferhaal mei mear lagen: in meinimmende roman oer de ‘Modderklauwers’; in histoarysk relaas oer Ferwert yn de tritiger jierren; in egodokumint én in essaybundel mei de skriuwer syn fyzje op godstsjinst, literatuer, it Fryske plattelân yn de krisis- en oarlochsjierren en it Frysk nasjonalisme. En boppe-al is it in stânbyld foar syn heit, in monumint foar in man dy’t foaral in goede heit wêze woe.
Riemersma (1938-2011) wie yn de jierren ’60 ien fan de foarstanners fan in radikale staveringsferoaring fan it Frysk. Hy woe dêrom de saneamde Steatestavering, it kompromis út 1976, net brûke en hold fêst oan in sels útdoktere stavering. Dat levere in wurdbyld op dat slim ôfwykte fan it gongbere. Foar in soad lêzers wie dat reden om net oan De Reade Bwarre te begjinnen, ek al waard it yn 1995 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis, de grutste priis yn literêr Fryslân. Letter liet Riemersma syn eigen skriuwwize los en publisearre noch in hiele rige boeken yn de gongbere stavering.
De Reade Bwarre wurdt sa stadichoan algemien sjoen as dé moderne klassiker fan de Fryske literatuer. Om it boek beskikber te meitsjen foar in breder publyk is it no troch skriuwster Jetske Bilker omstavere yn Standertfrysk. Mei syn romte foar farianten jout dat noch genôch mooglikheden om rjocht te dwaan oan de rykdom fan Riemersma syn taaleigen.
Kaart: Oeral thús, mar thús it bêste. (Friese spreuktegel)
Kaart mei gedicht foar memmedei
Verborgen zee aanzichten - Beleving en beschouwing van kust, zee en schip
BOEM! Lytse Ûle
De sterkste fietskaart van de regio - Friesland
Wurdlist Noardfrysk
Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
Kai-Mook it skattige oaljefantsje
Kaart: Moaie dei!
Een tussenweg is er niet - Biografie Ds. J.H. Zelle (1907-1983)
Krystkaart: Noflike krystdagen!
Kaart: Do hast dyn jierdei!
Kaart: Foar dy!
No sa - Klaas Werumeus Buning
De keunst as útwei - biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938)
Nee heb je, ja kun je krijgen - Het verhaal van de Lytse Yerke
De Blauwe Seilbokse - Kroniek van een curieus gezelschap
Wie ben ik?
Kaart: in machtige prachtige jierdei
De geur van hooi
De Reade Bwarre