De Biltske Wassenaars - in Famyljeskiednis
Hein Jaap Hilarides
€24,90
Details
Generaasjes lang ha de Biltske Wassenaars har stimpel drukt op it Fryske lânskip. Yn dizze famyljekronyk komme leafdesferhalen, oarloggen, revolúsjes en politike opstannen byelkoar yn in portret fan in boerefamylje dy’t libbet mei de seizoenen en de tiid trochstiet. Fan de earste kolonisten op de seeklaai oant lettere generaasjes folgje wy harren striid om frijheid, besit en weardichheid. Mei histoaryske djipgong en each foar it lytse minsklike detail bringt dit boek de skiednis fan It Bilt ta libben.
Hein Jaap Hilarides is skriuwer fan De trekker fan Troje (2017) en Beppe Xenia (2021). Dy boeken binne diel 3 en 2 fan de kronyk oer de Biltske Wassenaars. Dit boek is diel 1 fan dizze famyljeskiednis. Foar de kronyk hat hy ûnder oare in soad materiaal út syn eigen famyljeskiednis brûkt.
It geheim fan Lord Jim
Friese cocktailprikkers
Lêze, blinder - Tsien koarte ferhalen fan skriuwers fan no
Sjoerd Huizinga - De avonturier van Yn 'e line
De Blauwe Seilbokse - Kroniek van een curieus gezelschap
Mei gidsen nei hichten - Diel 10 fan 'In Fryske Odyssee'
It bierskip fan Sleat - In Spaansk skelmstik anno 1588 (Strip)
Pet Fryslân - Blauw Vintage
Fissys sonder finnen & stikkys sonder eand (mei cd)