Kategoryen

No products in the cart.

Joppe - Audioboek

Hein Jaap Hilarides

15,00

Details

Lústerboek

Joppe, debútroman fan Hein Jaap Hilarides yn de rige Fryske Modernen

Joppe bringt syn ferfangende tsjinsttiid troch op it gemeentehûs yn Raarendt yn Noard-Fryslân as miljeu-amtner. Droechkomysk beskriuwt Hein Jaap Hilarides yn syn debútroman de sfear op it gemeentehûs, de kantoarrituelen, papierwinkel en miljeukontrôles, mar fral ek de erotyk. It frijbliuwende libbentsje fan Joppe krijt ynienen in oare diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika.

Hein Jaap Hilarides (1969, Sint Jabik) debutearre yn 2000 mei de dichtbondel Tersk. Mei Tsjead Bruinja wie er de gearstaller fan Dream yn blauwe reinjas/ Droom in blauwe regenjas (2004), de suksesfolle blomlêzing mei jonge Fryske dichters. As pianist en tekstdichter fan Biltse teksten spilet er yn de Rebound Boogie Bent. De earste cd fan de band is Taai as Bildtse klaai.

Foarlêzen troch de skriuwer

4 cd’s

Author : Hein Jaap Hilarides ISBN : 9789460380341 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Kategory: , .