It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De aventoeren fan Alice yn Wûnderlân

Lewis Carroll

18,95

Net op foarried

Details

Yn 1964 ferskynde de Fryske oersetting fan de Ingelske klassiker Alice’s Adventures in Wonderland (1865) fan Lewis Carroll foar it earst yn it Frysk. De fertaler wie Tiny Mulder (1921-2010), sjoernalist en auteur fan literêr wurk sawol foar folwoeksenen as foar bern.

Nei har dea wie der in lytse útstalling yn Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert, fan har samling Alice-oersettingen út de hiele wrâld. Op al har reizen brocht se faak sa’n oersetting mei nei hûs, en freonen diene itselde foar har. It wie dêrom fanselssprekkend, dat se dit wurk ek in Fryske oersetting joech. En wa koe dat better dwaan as sy.

Dat der yn in soad talen Alice-oersettingen publisearre binne, die bliken by it grutte projekt organisearre troch de Lewis Carroll Association yn New York: Alice in a World of Wonderlands út 2015. Dêryn wiene de 7.600 oersettingen fan de Alice-boeken fan oer de hiele wrâld opnommen, wêrûnder fansels ek de Fryske.

‘Dy kant út,’ sei de Kat en swaaide mei de rjochterpoat, ‘wennet in Huoddemakker. En dy kant út,’ ‘wennet in Maartske Hazze. Jo kinne se allebeide wol opsykje. Se binne beide net wiis.

‘Mar ik wol net nei healwize lju ta,’ sei Alice.

‘O, dêr kinne jo net foar,’ sei de Kat. ‘Wy binne hjir allegear gek. Ik bin gek. Jo binne gek.’

Author : Lewis Carroll ISBN : 9781782012955 New label : 1 Pages : 125 Language : Frysk Publisher : Evertype, Skotlân Format : paperback Translator : Tiny Mulder Illustrator : John Tenniel Kategory: , , , , , , .