Kategoryen

No products in the cart.

De alderleafste lytse bearen

Sam McBratney

14,99

Details

Der wiene ris in mem bear en in heit bear dy’t har trije lytse bearen fertelden dat se de alderleafste lytse bearen fan de hiele wrâld wiene. Mar op in dei begûnen de lytse bearen har ôf te freegjen wa’t no de alderleafste wie. Dat koene se dochs net alle trije wêze… of wol?

De twadde printinge fan Sam McBratney’s prachtige printeboek.


Erika van Steensel: “De tekeningen binne simpel, mar dochs mei moaie details. It kleurgebrûk is rêstich, it liket wol op wetterferve. Alles yn it boek strielet rêst út. Sekerheid. Burgen-wêzen. In feilige en leave famylje, dêr’t lytse bearkes harsels wêze meie, en rûnom leafde fiele. In hearlik plak om grut wurde te meien. Wy fûnen it in bearegoed en alderleafst berneboek!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Erika.

Wopkje Bergmans: “In prachtich printeboek, mei in soad waarmte skreaun, dêr’t in djippere libbensles yn sit. En yn de moaie yllustraasjes kinst de leafde foar de natuer weromfine; allinnich al om de yllustraasjes soest dit printeboek wol ha wolle.” Lês hjir Wopkje har folsleine resinsje.

Author : Sam McBratney ISBN : 9789062736423 New label : 1 Pages : 32 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Translator : Hermien van der Meer Illustrator : Anita Jeram Kategory: , , , , , , , .