Boskman (De taiga fan Timofei Sofer) - gedichten
Edwin de Groot
€17,50
Details
Boskman (De taiga fan Timofei Sofer) is skreaun troch de eagen fan Edwin de Groot syn alter ego Timofei Sofer, in Joadske boskarbeider út Birobidzjan yn East-Sibearië. De dichter hat himsels útdage om te besykjen fierder te sjen as syn eigen omjouwing en skreau in bondel as in hiel bosk. De bosk as de wrâld; ferwolkomjend, fijannich, waarm, kâld, tsjuster en ljocht.
Freonskip, ferlies, de (ambifalinte) relaasje mei de natuer, famylje, de grutte politike machten dy’t de boarger ferhûddûkje. It is oeral itselde. De freonskip kin de rêder wêze, de famylje, de natuer ek. En de leafde net te ferjitten.
Edwin de Groot (1963) is redakteur fan it (online) Frysktalige tydskrift Ensafh. Dit is syn sechsde Frysktalige bondel. De Groot wûn mei syn gedichten meardere kearen de Rely Jorritsmapriis. Hy publisearre Nederlânsktalige poëzij yn û.o. Hollands Maandblad en Gierik & Nieuw Vlaams Tijdschrift.
Folgeren - Mensen door de tijd
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen
De seis fan Gatske - poëtyske novelle
Leech hert yn nij jek
It swetshok - Ferhalen fan in fjildman
De reuzen wurde wekker
Sulver en minsken
Tantalus II
Kompleten
Pup giet te fier
Wat deed ik daar - gedichten
Mok Heit
Kabel en tou
It portret - Audioboek
Albert Winsemius - De man die Nederland en Singapore rijk maakte
Swarte Swan
Spegel en sonde
Grûnwetter - gedichten
De lêste hikke - Fryske nammen fan foarby
De Gruffalo