It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Blomlêzing út 'e Spaanske poëzij

Klaas Bruinsma

15,50

Details

Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaansktalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta.
Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einiget de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dy’t yn syn eigen lân sjoen wurdt as de belangrykste dichter op dit stuit yn Latynsk-Amerika.
De treflike, wieldrige Spaanse gedichten binne in genot om te lêzen en de skientme fan de Fryske fertalingen foeget der in diminsje fan eigenens oan ta.

Klaas Bruinsma hat in grut tal Fryske oersettings op syn namme stean, û.o. út it Latyn, Gryks, Ingels, Dúts, Middelnederlâns.

Author : Klaas Bruinsma Translator : Klaas Bruinsma Pages : 132 Language : Frysk Format : paperback Kategory: , , .