Bistespul
George Orwell
€17,50
Details
Nei de dea fan Ald Majoar, de baarch dy’t harren lieder wie, nimme de bisten de macht oer op de Hearkespleats. Se dope it boerehiem om ta: It Bistespul. It eksperimint begjint! Kinne de bisten it sels roaie op de pleats? Jawis – alteast…
It duorret net lang ear’t de earste skuorkes yn de idillyske bistkommune har fertoane. Neat minskliks is de bisten frjemd. Slagje se deryn om it eksperimint slagje te litten? Of sil de skiednis himsels werhelje?
George Orwell skreau mei Bistespul (Animal Farm, 1945) in like felle as tragikomyske oanklacht tsjin totalitêre rezjyms. Dat die er yn it histoaryske each fan de stoarm: healwei de jierren fjirtich, doe’t it nasjonaalsosjalisme ôflost waard troch it stalinisme. Syn fabel hat hjoed-de-dei noch neat fan syn krêft en tapaslikheid ferlern. Like twingend as altiten bliuwt Orwells universele boadskip oerein, dat alle bisten lyk binne, mar guon geliker as oaren.
Pas op foar de heks
Blomlêzing út 'e Spaanske poëzij
Allinne en yn koar - Alleen en in koor
Mijn wadden - Gerrit Jan Zwier
Wurk
It iene hellet it oare út (assosjaasjeroman)
1984