Allegearre snie - speurdersroman Audioboek
Meindert Bylsma
€12,00
Details
De biljertklup ‘Krijt op tijd’ wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr’t er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan ’e klup. Bareld is meastal op ’e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigaret te smoken, komt der in frommes mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom. It wurdt in plysjesaak.
De resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen wurde op ’e saak set. Se kinne as de blommen en wurde op it buro dan ek ‘de Blomkes’ neamd. Der komt in hiel ferburgen libben oan it ljocht en, al filosofearjend, sa’t de gewoante is fan ‘de Blomkes’, komme se ta ferrassende ûntdekkingen.
In fermaaklike misdiedroman op 1 mp3-cd, foarlêzen troch Jan Schotanus.
Zuivelfabrieken in Friesland
Fûgel Pyt
Fûgels yn ús - koarte ferhalen
Bûsboekje 2026
De mjitte - Audioboek
Kaart: Gershipper
Van melkrijder tot fabrieksdirecteur
De pakkyboat / Lichys in 't donker - Bildts
Friese muts Noorse stijl - Wit
It parfum - De skiednis fan in moardner
De tún fan Trip
Moard yn tsjerke