Categories

No products in the cart.

Allegearre snie - speurdersroman Audioboek

Meindert Bylsma

12,00

Details

De biljertklup ‘Krijt op tijd’ wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr’t er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan ’e klup. Bareld is meastal op ’e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigaret te smoken, komt der in frommes mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom. It wurdt in plysjesaak.

De resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen wurde op ’e saak set. Se kinne as de blommen en wurde op it buro dan ek ‘de Blomkes’ neamd. Der komt in hiel ferburgen libben oan it ljocht en, al filosofearjend, sa’t de gewoante is fan ‘de Blomkes’, komme se ta ferrassende ûntdekkingen.

In fermaaklike misdiedroman op 1 mp3-cd, foarlêzen troch Jan Schotanus.

Author : Meindert Bylsma ISBN : 9789460381676 New label : 1 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Format : Audioboek mp3-cd Category: , , , .