Achlum Nobusco en de monsternimmers
Eppie Dam
€14,95
Details
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy’t oer him dreame, wurde gûlend wekker.
Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út ’e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil.
Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân – wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in kaart te finen? Bestiet it wol? En asto dêr ienkear bist, kinst dan noch werom?
Olga: “In moai boek om te lêzen, net te dreech taalgebrûk, koarte haadstikken mei moaie tekeningen. Seker in oanrieder, spannend mar net te eng, troch de koarte haadstikken is it ek maklik om it boek efkes oan ’e kant te lizzen en wat oars te dwaan. Je sitte samar wer yn it ferhaal. In moai wurd út it boek is snurkpûden, wat in oar wurd blykt te wêzen foar sliepsek.” Lês hjir Olga har folsleine resinsje.
Tomkes foarlêsfeest
De Lytse Prins
Jentsje syn bear
De stad als vaderland
Huize Rijs en haar personeel (1834-1937)
Jentsje syn pemper
Tsjintwurdich is alles better
De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder
De fûgel - Audioboek
Weten is Kunnen, Kennis is Macht
De Reade Bwarre - Audioboek
Lytse Aap
Boksum foar de Lins 2
Sprookjes uit de Friese Wouden - Dam Jaarsma
In lyk man is in ryk man
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer
Kerstbal Friese vlag
Livia's romtedream
Moard yn tsjerke
De smearlappen
Covidwiksel - Audioboek
Pake syn wein
Wyn fan de wierheid
Het Friesland van Johann Hermann Knoop
Dingeman krijt wjukken