Lokkich binne jimme!
€9,95
Details
It Evangeelje fan Mattéus op ‘en nij oerset foar alle Friezen
Net fan brea allinne sil de minske libje, mar fan elk wurd dat klinkt út ‘e mûle fan God. Dit is in oersetting fan it Evangeelje fan Mattéus, út ‘e oarspronklike grûntaal yn it Frysk fan dizze tiid. By elk haadstik is in foto ôfprinte, dy’t it ferhaal fan Mattéus ferbynt mei Fryslân en de Friezen.
De oersetting is makke troch Dr. Liuwe H. Westra, ûndersiker by Fakulteit Katolike Téology fan ‘e Universiteit fan Tilburch en dosint oan ‘e Protestantse Téologyske Universiteit te Grins.
Arno Brok, kommissaris fan ‘e Kening: ‘In tige wolkom foarbyld fan taalfernijing’.
Stifting Fryske Bibel foar de Ienentweintichste Iuw: ‘Wy hoopje, dat dizze útjefte in earste stap is nei in folsleine nije oersetting fan ‘e Bibel yn it Frysk’.