Kategoryen

No products in the cart.

Shit my mar lek

Meindert Bylsma

18,00

Details

Trije wat âldere manlju wurde op ferskillende plakken dea oantroffen. De plysje besiket út te finen wêrom’t se ‘lek’ sketten binne. In sitaat by it finen fan ien fan de manlju: ‘Selsmoard, dat hie it moaiste west, dat joech minder rompslomp… Mar ja dat kaam net yn de beneaming’. Is it boek in misdieroman? Dat soe sa mar kinne. In oar ferhaal begjint mei: Der wie ris in lân dat Dellân hjitte. Krekt as yn in mearke. In mearkeboek? Dat soe ek kinne fansels. Troch it ramtferhaal binne allegearre oare ferhalen frissele dy’t de lêzer geregeldwei op ’e doele bringe. It sintrale tema dat de skriuwer oansnijt is de ‘minne situaasje’ fan it Frysk. Hy is der op in seldsume wize yn slagge de toan licht te hâlden, of is dat mar skyn?

Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1998.

 

Author : Meindert Bylsma ISBN : 9789089541574 Pages : 195 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .