Kategoryen

No products in the cart.

No moatst hearre!

Gjalt de Groot

15,00

Details



Fjildman en rasferteller Gjalt de Groot nimt de lêzer yn No moatst hearre! mei nei de frije romten fan mins en bist, dêr’t de hertslach fan it libben direkt en sûnder franje te fielen is. Hy skriuwt byldzjend oer it libben fan de gewoane man mei in iepen each foar it bysûndere en in grut gefoel foar humor. No moatst hearre! is in griemmank fan sterke stikken oer doarpsfigueren as Jehannes-iel, oer in jonkje dat in broedsje ferspilet en sa in hiele feesteapel misrint. Oer de moaie ynleave fiskersdochter Marije en in kafeehâlder dy’t gjin wrakke stuollen hat, mar fêststelt dat de minsken te dik wurde. It is folop genietsjen yn ‘Moaie Dora’, ‘It lêste teewetter’ en ‘In dealûker’ en al dy fyftich oare prachtige ferhalen dêr’t dizze fjildman jo yn meinimt.