Kategoryen

No products in the cart.

It libben sels

Piter Boersma

15,50

Details



It libben sels giet oer it mislearjen fan it houlik fan de ferteller en Dette. It is de fyfde kear al dat him in houlik misrint. Yn ‘e rin fan it boek wurdt dúdlik dat soks elke kear syn eigen skuld west hat, om’t hy mear oan seks as oan syn froulju hinget. Elke kear as de schwung derút rekket, siket de ferteller in útwei. Hy jout yn koarte oant tige koarte haadstikken in byld fan syn libben, bytiden absurd en hilarysk. De tsjoen by it lêzen fan de tekst ûntstiet net trochdat in plot ôftriedde wurdt, mar trochdat de lêzer in hyltyd folsleiner mozayk-byld kriget fan de haadpersoan. De styl fan skriuwen is sûnder omballingen, abrupt en faak poëtysk. Foar dit boek krige Piter Boersma yn 1998 de Gysbert Japicxpriis.

Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1997.

Auteur:: Piter Boersma ISBN:: 9789089541628 Tal siden:: 158 Taal:: Frysk Utjouwer:: Elikser Utfiering:: paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten

Rosmos
Yn winkelwein
10,00
Molwrot
Yn winkelwein
18,50