Kategoryen
Oanbieding!
Oanbieding

It Grutte Foarlêsboek II

Ferskate auteurs

Oorspronkelijke prijs was: €22,50.Huidige prijs is: €15,00.

Details

Moaie, spannende, gekke, fleurige ferhaaltsjes, gedichten en ferskes oer fan alles en noch wat. It Grutte Foarlêsboek II is in foarlêsboek om alle dagen út foar te lêzen!

Diel 1 en diel 2
It Grutte Foarlêsboek II is it twadde diel, earder waard It Grutte Foarlêsboek I útjûn. It wie sa populêr dat der in twadde diel fan makke is. It boek hat mear dan sechtich ferhaaltsjes, ferskes en gedichten foar bern fan 2 oant en mei 6 jier. Ferskate auteurs en yllustrators hawwe meiwurke oan it boek.

Besjoch ek dit filmke fan Janneke Brakels.


Antsje: ‘Yn dit boek steane wol mear as sechstich prachtige en spannende ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes, skreaun troch ferskate skriuwers. Ferhalen oer jierdei wêzen en ûnwennichheid, mar ek oer kabouters en oer Tomke. Ferhalen dy’t goed passe by de bern yn ús klasse. It is in boek mei in hurd omslach, mei werklik wier prachtige yllustraasjes.’ Lês hjir Antsje har hiele resinsje oer dit boek op heitenmem.nl.

Tessieka: “We hebben erg genoten van dit boek wat stuk voor stuk bestaat uit mooie verhalen, gedichtjes en liedjes waarbij de fantasie zijn gang kan gaan. Het is een echt aanrader.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Tessieka.

Sjoch hjir foar de fernijde app by it boek: https://heitenmem.nl/artikel/19744/nije-app-it-grutte-foarlesboek/.