Kategoryen

No products in the cart.

Frijende kikkerts

Hylkje Goïnga

13,95

Details



Hylkje Goïnga fertelt yn Frijende kikkerts op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne.

As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen oft syn hert noch wol foar har kloppet, lit hy har opnimme yn in ynrjochting. Troch it relaas dat sy oan de minsken fan de klinyk fertelt kriget de lêzer ynsjoch yn de foarskiednis en yn wat Martha besielet. Se fynt har selsbetrouwen werom en slagget deryn om fan him los te kommen.

It boek ferskynde foar it earst yn 1986. Dizze tredde printinge is de werútjefte fan de twadde út 2010.

Auteur:: Hylkje Goïnga ISBN:: 9789089541536 Tal siden:: 110 Taal:: Frysk Utjouwer:: Elikser Utfiering:: paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten

Hynstefigen
Yn winkelwein
15,50
Einum
Yn winkelwein
19,95