Kategoryen

No products in the cart.

Fjouwer dappere mûskes

Eppie Dam

15,95

Details



Fjouwer dappere mûskes ûndernimme in reis út ‘e fjouwer wynstreken wei. Se wolle fierder sjen as it lân dêr’t se weikomme. It wurdt foar alle fjouwer in drege en gefaarlike tocht. Mar dan op in dei komt it krúspunt fan paden yn ‘t sicht.

Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makke in skilderachtich mûzeboek. Hy frege skriuwer Eppie Dam om wurden te jaan oan it ferhaal. Earder makken se tegearre al boeken foar âldere bern. Dit bysûndere printeboek is foar beide in debút.

Utroppen ta Frysk Printeboek fan it jier 2013 en byskreaun op de IBBY Honourlist fan 2014.

Auteur:: Eppie Dam Yllustrator: Gerrit Terpstra ISBN:: 9789062739189 Tal siden:: 23 Taal:: Frysk Utjouwer:: Afûk Utfiering:: ynbûn Kategory: , , , .