Kategoryen

No products in the cart.

Feroaring fan lucht - Audioboek

Rink van der Velde

16,50

Details



Lústerboek

Fier foar de famylje Flodder him oppenearre, hie Fryslân al syn eigen ‘Durk Snoad’. Rink van der Velde syn skets fan in tige op syn frijheid stelde húshâlding, dy’t út in ûnbewenber ferklearre húske by it Alddjip wei nei de nijbou yn Drachten ferhúzje moat, is legindarysk. ‘Feroaring fan lucht’ is humoristysk en maatskippijkritysk tagelyk. Fan dit boek binne yn ‘e rin fan ‘e jierren mar leafst 34.000 eksimplaren ferkocht. Ek as iepenloftspul is it ferhaal hieltyd wer in boppeslach.

Rink van der Velde (1932-2001) wist as gjinien hoe’t er de Friezen oan it lêzen krije moast. As skriuwer hat er in tal prachtige romans achterlitten, lykas ‘De fûke’, ‘De lange jacht’, ‘De hûn sil om jim bylje’ en noch folle mear. Syn âlderlêste boek, ‘It guozzeroer’ stiet op deselde iensume hichte as ‘De fûke’. Ek de koarte ferhalen fan Rink van der Velde en de stikken oer Bokwerd wiene kear op kear in boppeslach.

Yn de Merkel Rige ferskine op ‘e nij in tal tige suksesfolle titels út de Fryske literatuer dy’t al inkelde jierren net mear leverber wiene.

Foarlêzen troch Douwe Kootstra

5 cd’s

Auteur: Rink van der Velde ISBN: 9789460380211 Taal: Frysk Utjouwer: Audiofrysk Kategory: , , .