Oanbieding!
Oanbieding

De Traveliers – Spoaren!

Anny de Jong

12,50 2,50

Details

‘Jimme hawwe by it fleantúch west.’ Hidde ropt fuort fan: ‘No.’ De militêr stekt syn hân op. ‘Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jimme fingertaasten fûn.’ De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. ‘En do hast de doaskes út it tastel helle.’ Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: ‘Ik ha se wier net.’ ‘Wat hast der mei dien?’ ‘Neat,’ ropt er. ‘Ik ha se fergetten en doe…’

De Traveliers, in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar allerhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ‘e hoeke leit.