Kategoryen

No products in the cart.

De SUC-saak

Jan Schokker

17,50

Details



Resjersjeur Ale Alema fan it plysjeburo fan it Hearrenfean sit wat yn in labile tiid. Wurk is der genôch om yn ûnder te dûken en miskien om wer wat hâldfêst yn te finen. Lykwols, tusken de drokke dagen sitte de swarte nachten en de flesse drank is op ‘e taast wol te finen.

Foar oerlis yn in saak oer stellen djoere auto’s komt Ale yn ‘e kunde mei twa froulike kollega’s, Petra Zeijlstra en Rykje Wybenga. Sy sitte yn it saneamde SUC-team. Geandewei it ûndersyk hat Ale it gefoel dat hy oan ‘e sydline stiet en as in sike poedel efter de froulike kollega’s oanrint. It is in mysterieuze saak dy ‘t nei binnen teart, de SUC-unit yn. Kollega Wytske de Boer komt yn Brongergea foar in hiel oar fraachstik te stean. Fan wa binne de bonken dy’t boufakkers fine by in ferbouwing? Alde bonkerakken of spilet der oars wat?

Dizze twadde Ale Alema bringt in protte spanning en ferdivedaasje. Jan Schokker is in boeiende ferteller mei in tige humoristyske styl.

ISBN:: Auteur:: Jan Schokker Kategory: , , .

Relatearre produkten

Poster - in mem foar altyd
Yn winkelwein
Nij
2,50
lytse prinsesse
Yn winkelwein
Nij
2,50
Set 'm op! Wy tinke oan dy!
Yn winkelwein
Nij
1,00
Ik hoopje datst dy gau wer wat better fiele silst...
Yn winkelwein
Nij
1,00