Kategoryen

No products in the cart.

De rykdom fan it ferline

Reinder Politiek

27,95

Details



Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe’t hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op ’e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn ’e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei.

It ferskil mei hoe’t it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich.

Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr’t de minsken no neat mear fan witte. Yn De rykdom fan it ferline komt in skala fan ûnderwerpen oan ’e oarder dy’t it âlde boerelibben wer stal jouwe foar de minsken fan no. Yn geef Frysk en soms mei wurden dy’t komselden mear brûkt wurde, sketst Politiek it rike boerelibben fan syn jeugd.

Auteur:: Reinder Politiek ISBN:: 9789463651769 Tal siden:: 255 Taal:: Frysk Utjouwer:: Elikser Utfiering:: paperback Kategory: , .

Relatearre produkten

Yn winkelwein
24,95
Yn winkelwein
19,95