Kategoryen

No products in the cart.

De Lytse Prins

Antoine de Saint-Exupéry

15,50

Details



De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn ‘e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy’t him wûnderlike en wize ferhalen fertelt…

– Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr’t it om giet, dat is mei de eagen net te sjen.
– Dêr’t it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden.

De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy’t ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan ‘e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe’t syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard.

It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan ‘e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.

 

ISBN:: 9789089544964 Auteur:: Antoine de Saint-Exupéry Tal siden:: 93 Taal:: Frysk Utjouwer:: Elikser Utfiering:: paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten

Yn winkelwein
18,95
Yn winkelwein
29,50