Kategoryen

No products in the cart.

De fjoerdiamant

16,50

Details



Fiif bern krûpe troch it gat fan in dikke beam en komme yn in tunnel telâne. Dy liedt nei de binnenkant fan de ierde. Wat in aventuer! It is dêr prachtich, it liket wol in mearke. Se geane troch in reinbôgerivier, oer de streepte heuvels nei in grot, djip yn de see. En dêr wurdt harren hart hiel waarm …


Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Hja yllustrearre û.o. it Fryske berneboekewike-geskink fan 1995 (Gele Gijs & Lange Loeres) en de seizoenbesjochplaten foar In De Maneschijn (1993). By in tentoanstelling fan de Nederlandse Illustratoren Club yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam wûn hja de 4e priis fan it publyk.
Nei in perioade fan tentoanstellingen mei frij wurk is hja werom by de berneboeken: yn 2010 waarden Hoe doet de haan? en Wat doet de dolfijn? (útjouwerij Clavis) útbrocht, en ek de fioelmetoade Tovernoot (boekhannel Broekmans & Van Poppel) fan de fioeliste Anneke Wittop Koning.
Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn yn 2012, Hoger en hoger yn 2013, en De Vuurdiamant yn 2014.

ISBN:: Kategory: .

Relatearre produkten

Poster - in mem foar altyd
Yn winkelwein
Nij
2,50
lytse prinsesse
Yn winkelwein
Nij
2,50
Set 'm op! Wy tinke oan dy!
Yn winkelwein
Nij
1,00
Ik hoopje datst dy gau wer wat better fiele silst...
Yn winkelwein
Nij
1,00