Kategoryen

No products in the cart.

De brimstige ingel

Klaas Rusticus

15,00

Details



Yn dize bondel ferhalen skriuwt Klaas Rusticus oer syn jeugd yn Snits en oer wat er meimakke hat as filmregisseur oan frjemde kimen benammen yn eardere eastbloklannen en ek op oare tochten. Rusticus skriuwt yn meast koarte oant hiel koarte sinnen – en dat sa feitlik en droech mooglik, mar tegelyk ek byldzjend en poëtysk – oer situaasjes en stimmingen dy’t út harsels de lêzers gauris frijwat fernuverje sille. Syn útgongspunt is: hoe koarter formulearre hoe makliker de lêzer ta jins wrâld trochkringe kin, al liket dy wrâld bytiden ek ryklik fantastysk. Rusticus skriuwt mei each foar it lytse, it detail en yn alles spilet mei in swak foar dat wat warleas is.

Klaas Rusticus (1942) folge yn Snits de oplieding ta ûnderwizer, mar dêrnei rjochte er him al gau op teater en film. Yn Nederlân wurke er benammen foar de NCRV en de NOS-DTP. Yn it bûtenlân foar ûnderskate omroppen yn Tsjechië, East- en West-Dútslân, Eastenryk en Switserlân.

Sjoch fierder:
[url]http://www.boekfandemoanne.nl/[/url]