Kategoryen

No products in the cart.

Wurk - Audioboek

Elske Schotanus

12,00

Details

Lústerboek

Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan en dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden,  mar hy bedarret stadichoan dochs mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy’t tsjin ’e sechstich rint. Hieltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Fertsjinje docht hy der net folle mei, mar hy wit al de oandacht fan in ynfloedryke galeryhâlder te lûken. Hat hy, sa’t er sels mient, yn de keunst in bestimming fûn?

Foarlêzen troch Arjan Hut

1 mp3 cd

Author : Elske Schotanus ISBN : 9789460381348 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Kategory: , , , .