It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Wetterlân - lân fan takomst

Eddy Wymenga

12,90

Details

In minske, ek in Fries, bestiet foar 60 prosint út wetter, en Fryslân foar sa’n 45 prosint. Net sa frjemd dat we ús hjir, en yn hiel leech Nederlân, al iuwen drok meitsje oer wetter. Wy binne wrâldferneamd om ús wetterbehear want wy ha mei mûnen en gemalen it wiete lân sa drûchmeald dat wy der tige goed op buorkje kinne. Wy kinne wol op sokken it lân yn. Op dit lân binne wy útgroeid ta ien fan de grutste lânbou-ekporteurs fan ‘e wrâld. Wêr’t sa’n lyts lân grut yn wêze kin!

It kin ek wêze dat wy yn de takomst bekendstean sille as grutte omkoalen. Want wa ûntwetteret sloppe feangrûn no sa bot dat it mar sakket en sakket? En mar trochmealle en ûntwetterje, wylst it seewetter achter de diken heger wurdt. En it lân sa brûke, dat natuer en lânskip faai steane. Binne wy wol sokke tûke wetterbehearders en lânbrûkers? Hoe is it sa kaam en hoe stiet it derfoar achter de diken? En foaral, hoe riede wy ús ta as boeren, boargers en bûtenlju op in takomst mei perspektyf? Koartsein, hoe krije wy wer kleur yn it lânskip? Dat is wêr’t dit printeboek oer giet.

Fan dit boek is ek in Nederlânske edysje ferskynd: Waterland, land van de toekomst.

Author : Eddy Wymenga ISBN : 9789056156718 New label : 1 Pages : 56 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Format : ynbûn Illustrator : Ysbrand Galama Kategory: , , , , , .