Wêr is Keimpe?
Gearstalling: Gelske Bosch en Lisa Hiemstra
€16,95
Details
In prachtich sjoch-, lear- en fertelboek fan Keimpe de Krokodil.
- in hiel soad wurden om 20 ferskillende tema’s hinne
- trije talen: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk
- Keimpe dy’t him op alle platen ferstoppe hat, kinsto ‘m fine?
- de útspraak fan de wurden yn trije talen online fia de QR-koade of de webside www.keimpe.frl
Jolanda: “Wat moai om sa in skoft hielendal ‘yn it momint’ yn it boek om te blêdzjen. Wy stelden elkoar fragen, neidat wy Keimpe op alle siden fûn hienen. Guon plaatsjes lieten my laitsje. Sa as by ‘bistetún’ it jonkje dat in raar gesicht lûkt nei in oaljefant, dat docht my tinken oan de (âlde) reklame fan sûkelade dêr’tst kramp fan yn de kaken krigest Of by ‘skoalle’, datst krekt sjochst dat der immen op it húske sit of dêrhinne draaft.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Jolanda.
Irene: “Seppe (2) fynt it kaft al prachtich, mei al dy drok dwaande krokodiltsjes derop. Dochs slacht er it boek fuort iepen, nijsgjirrich nei de rest. De platen oer famylje, de buorkerij, it ferkear en fan de fakânsje sprekke dalik oan. Hoe langer oft wy sjogge en sykje, hoe mear details wy ûntdekke.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Irene.