Wêr bliuwe de froulju? - Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) (ferskynt 12 novimber 2025)
Janneke Spoelstra
€22,50
Details
Wat it is, of wêze kin, om jin te bejaan yn ’e Fryske literatuer, en dan spesifyk foar froulju, dêr giet dit boek oer. Wêr komt de ynspiraasje wei? Wat binne de hindernissen? Binne de kânsen foar elkenien like grut? Hoe sit it mei de genderbalâns yn ’e Fryske poëzy? Hoe sjocht de Fryske literêre ljedder derút? Skriuwe manlju mear as froulju? Publisearje froulju minder gau? Wêrom is de Gysbert Japicxpriis foar poëzy sûnt 1986 noch net ienkear wer nei in frou gien? Hoe sjogge de ynterviewde froulju nei dizze saken?
Dit boek is in update fan Jelma Sytske Knol har boek, ‘út syn aerd wei froulik’, de Fryske dichteressen en it misferstân (1993), mar hat syn eigen oanpak en útwurking. Om in byld te sketsen fan hoe’t it fierder gien is mei de froulju yn ’e Fryske literatuer, en dan benammen yn de Fryske poëzy, ynterviewde Janneke Spoelstra tsien fan harren, kollega-dichters, want se dichtet sels ek. Spoelstra skreau ek in ynlieding by de ynterviews en skôge de antwurden.
Fan novimber 2022 oant en mei jannewaris 2024 hie Spoelstra ynterviews mei Aggie van der Meer, Ytje Hoekstra, Albertina Soepboer, Margryt Poortstra, Tine Bethlehem, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Grytsje Schaaf, Lida Dykstra en Janna van der Meer.
De Friese spagaat - Gedachten over Fryslân en de Friezen
Pas op foar de heks
De NEEhoarn yn it Frysk