Kategoryen

No products in the cart.

Wat stiller wat better - In sjoernaal

F. Springer

17,50

Details

‘Yn 1962 wie it dien mei de Nederlânse oerhearsking op Nij-Guinea, tropysk eilân  yn de Pacific. Dizze roman beskriuwt de lêste stûpen fan ús kolonialisme…’

Sa waard yn 1963 Met stille trom (Wat stiller wat better) oankundige, it boek dat F. Springer skreau nei syn weromkommen út Nij-Guinea, dêr’t er fjouwer jier as bestjoersamtner wurke hie. Flak foar publikaasje luts er it manuskript werom, om’t er yn it boek dochs it drama fan de oarspronklike Papoea-befolking miste.

Yn it jier fan syn ferstjerren hat Springer it manuskript bewurke en der in foarwurd by skreaun. Yn dy foarm ferskynde Met stille trom dochs noch, it mei wêze postúm.

Springer debutearre yn 1962 mei Bericht uit Hollandia. Yn syn hast fyftichjierrige karrière publisearre er romans en ferhalen lykas Zaken overzee (1977), Bougainville (1981), Quissama (1985), Bandoeng-Bandung (1993) en Kandy (1998). Syn wurk waard bekroane mei de F. Bordewijkpriis en de Constantijn Huygenspriis.

Author : F. Springer ISBN : 9789083269467 New label : 1 Pages : 191 Language : Frysk Publisher : De Ryp Format : Luxe paperback Translator : Jan Pieter Dykstra Hzn Kategory: , , .

Relatearre produkten