Kategoryen

No products in the cart.

Wat it is om bang te wêzen

Sipke de Schiffart

15,00

Details

Mei tsien ferhalen debutearret Sipke de Schiffart no yn boekfoarm. Twa kear wûn er in priis út it Rely Jorritsma Fûns. De sjuery wie út de skroeven oer ‘Toe Sippy ju!’: ‘It ferhaal grypt de lêzer yn de earste sinnen al by de strôte. Wat bard is en wat bart, de driuwfearren, de eskalaasje en de twastriid binne prachtich ferwurke en masterlik yn modern Frysk ferteld. In tige knap ferhaal.’

Oer ‘Leafde nei de dea’ skreau de sjuery: ‘It is ferrassend, filein, spannend, linich en hiel goed ferteld. De karakters binne goed sketst. It giet in hiel oare kant út as je ferwachtsje en dat sprekt oan. De skriuwer boartet der mei liket it wol, hy behearsket it spul, is master oer de arena. Syn ridskipsbak sit fol mei deeglik ark. Hy skilderet mei kleur, follet de eftergrûn yn, jout ús ûnderweis wat om nei te sjen en bringt ús iderkear op ‘e doele.’

Author : Sipke de Schiffart ISBN : 9789033003516 Pages : 222 Language : Frysk Publisher : Friese Pers Boekerij Kategory: , .