Us Baptisten (ferskynt ein oktober)
Nyk de Vries
€24,99
Details
De Fryske Wâlden, midden jierren tachtich. Marten en Wytse kenne inoar fan skoalle en tsjerke. As se tegearre in band begjinne, ropt dat in protte emoasjes op. De groep foarmet in hechte clan, mar ûndanks sukses en besiele optredens komme der barsten yn ’e freonskip. Fan allerhande kanten lûke der krachten oan ’e jonges. Jierren nei har breuk, op in smoarhite middei, bringt Marten syn soan nei in boarterskammeraat. By de Marokkaanse beppe dêrfan wurdt Marten hurd mei syn jongere self konfrontearre. Us Baptisten is in gloedfolle roman oer freonskip, it leauwen en de magise fl ow fan mei-inoar muzyk meitsjen.
Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is skriuwer/dichter en muzikant. Hy wie der al betiid by as sjonger fan gitaargroep The Amp, dêr’t Us Baptisten sterk op ynspirearre is. Yn syn wurk toant Nyk him in ferbiner tusken wrâlden: stêd en plattelân, hege en lege kultuer en miskien wol it meast: tusken muzyk en literatuer. Mei syn roman Renger wûn er de Piter Jellespriis. Fan 2019 oant 2021 wie er Dichter fan Fryslân.
Us Baptisten (ferskynt ein oktober)