It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Tusken Heiten en Soannen - Diel 13 fan 'In Fryske Odyssee'

Willem Tjerkstra

18,95

Details

Tusken heiten en soannen is it trettjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996.

Tusken heiten enn soannen is it ferfolch op Tusken twa planeten. De eardere geitehoeder Mardoek is mei de astronauten fan de tolfde planeet wer op Ierde oankommen. Mei de kennis fan planeet An wurdt de ûntwikkeling yn it gebiet fan de Eufraat en de Tigris yn gong setten. Mei de bou fan twa stêden, Oer en Oeroek, ûntstiet yn relatyf koarte tiid in kultuer dy’t sûnder help fan de Anners net mooglik west hie. As Mardoek âld wurden is, sjocht er mei syn An-freonen werom op it enervearjende libben op twa planeten. Dêrnei nimt er ôfskie fan harren en kin er de holle rêstich dellizze op it plak dêr’t er foar it earst har romteskip sjoen hat.

Author : Willem Tjerkstra ISBN : 9789464247831 Pages : 316 Language : Frysk Publisher : Aspekt Format : paperback Kategory: , , , .