Kategoryen

No products in the cart.

It himelske hof - Diel 11 fan 'In Fryske Odyssee

Willem Tjerkstra

18,95

Details

It himelske hof is it alfde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbens-beskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996.

Yn in ideale wrâld soe men wrâldlieders beskôgje kinne as gidsen, mar meastal is dat yn werklikheid net it gefal. In foarbyld fan in mislearre gids is George W. Bush, presidint fan de Feriene Steaten yn it begjin fan de 21ste iuw. Dizze wrâldlieder wurdt foar it himelske gerjochtshof dage, dêr’t Mozes en Elia de rjochters fan binne. Yn it himelske hof wurdt it ferline fan Bush relatearre oan de skiednis fan it folk Israel en it libben fan Kristus, wat ta in bysûndere ôfrin liedt.

Author : Willem Tjerkstra ISBN : 9789464247015 Pages : 234 Language : Frysk Publisher : Aspekt Format : paperback Kategory: , , .