Swarte Swan
Gideon Samson
€15,00
Details
‘Do moatst it earst belove.’
‘Wat moat ik belove?’
‘Datst my noait yn de steek litst.’
‘Fansels lit ik dy noait yn de steek.’
‘En do moatst belove datst altiten
fan my hâlde silst.’
‘Do bist myn suske!’
‘Ja mar beloofst it?’
Rifka hat wat geweldichs betocht. Se betinkt altiten al goeie dingen, mar sa goed as no is it hast noait. Ja, okee, Duveke seit dan miskien wol dat it net kin, mar wat wit dy der no fan? Rifka lit har troch net ien tsjinhâlde. Se sil de hiele wrâld foar gek sette. In goed skûlplak fine. Dat is it wichtichst. Rifka moat dêr klean en iten ferstopje, en dêrnei harsels. Wilens krije har âlden twa prachtige brieven en dan giet alles fêst krekt sa’t se it úttocht hat.
It is in yngewikkeld plan. Gelokkich is Rifka it tûkste famke fan ‘e wrâld. Mei in lyts bytsje help fan Duveke wurdt dit de stunt fan ‘e iuw. Rifka hat oan alles tocht. Dus wat kin der noch misgean? Neat dochs?
‘Mei Swarte Swan toant Samson him op’e nij ien fan de bêste skriuwers fan syn generaasje’. – Joukje Akveld yn Lezen
‘De jeugdliteratuer is in skriuwtalint fan komsa riker.’ – Sjueryrapport Zilveren Griffel
Oersetter Geart Tigchelaar wûn yn 2016 mei de oersetting fan Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans de Obe Postmapriis, de fjouwerijerlikse oersetpriis fan de provinsje Fryslân.