It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Skeind ferline

Douwe de Graaf

12,50

Details

Nei fjouwer súksesfolle boeken oer de lokale skiednis fan Drachten en Achtkarspelen hat Douwe de Graaf him no weage oan in Fryske roman. In roman oer in fergriemd libben, dat him ek hjoed-de-dei noch krekt sa ôfspylje koe.

Flokkend en dûm fan lulkens rûn er nei de brommer, stapte op en ried nei hûs. Thús pakte er syn jachtgewear, die der patroanen yn en troppe noch in pear yn ‘e bûse. Dêrnei ried er werom nei de pleats oan de Koaibosk. In pear hûndert meter foar de pleats die er de brommer út en skode dy yn it tsjuster foar him út, it hiem op.
Hy sette de brommer tsjin in hoeke fan it hûs en slûpte nei in rút yn ‘e foarkeamer en loerde nei binnen. Se wienen dêr no allebeide; Hinke siet oan tafel en de man siet te krantlêzen. De lulkens en de haat kaam wer brûzjend yn Romke omheech, it waard him swart foar de eagen.
Hy raasde: “Smearlap, dikke smearlap. Smoarge hoer datst bist. Woest my net ha, hen, ik wie te min foar dy!” Doe lei er it gewear oan syn skouder en skeat troch de ruten.

Author : Douwe de Graaf ISBN : 9789062739905 Pages : 195 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : paperback Kategory: , , .