It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Skearing en Ynslach - Ferhaleroman

Bouke van der Hem

18,50

Details

Yn dit boek Skearing en Ynslach wurdt by biten en brokken benammen it opgroeien fan boeresoan Reinder Beetstra yn Fryslân beskreaun, syn wederwarichheden yn militêre tsjinst, it studintelibben yn Grins en de fersuterjende relaasje mei jeugdfreon Sipke.

Mar ek fierderop sil it misrinne: as ‘sociaal bewogen makelaar’ yn Nij-Seelân, wêrfan’t er úteinlik rillegau en sûnder frou weromkomt. Goed en wol wer thús op âlde grûn falt dat him no ek ôf. Fryslân is net langer wat it wie, syn bewûndere mem ferstoar, mar boppe-al ferkrommelje syn idealen, fan doarpslibben oant en mei sosjalisme.

Wat by dat alles grif meispilet, is de heabroei-brân by de Beetstra’s doe’t Reinder yn novimber 1956 noch in jong baaske wie. Mei de wittenskip fan no hat hy dêr in stress-syndroom fan oerholden.

Bouke van der Hem (Tersoal, 1946) wurke jierrenlang as jurist/mediator yn Grins, wennet no yn Castricum. Hy debutearre yn 2002 mei de roman Sloppe Opels en fan him ferskynden dêrnei It Poadiumbeest, Stille Tochten en yn 2010 De Fuery. Hy siet yn de redaksje fan kultureel tydskrift De Moanne en skreau dêrfoar benammen kollums.


Anne Visser: “Wat ek hieltiid wer boppe komt is de heabroei dy’t in grutte brân foaroarsake. Hat Reinder dêr wat men no neamt in stress-syndroom fan oerhâlden?” Lês de folsleine resinsje fan Anne op heitenmem.nl

Jaap Krol, Friesch Dagblad: Bouke van der Hem skreau in knap komponearre en yntinse roman’.

Author : Bouke van der Hem ISBN : 9789493318106 New label : 1 Pages : 199 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €19,99.Current price is: €10,00.