Sipke op het kaatsveld - Sipke op it keatsfjild
Lida Dykstra
€9,99
Details
It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstriid rêde?
Alwer it fjirde twatalige Gouden Boekje oer it mûske Sipke!
4+
Oare boekjes yn dizze rige:
- Sipke komt op stoom
- Sipke syn elfstedentocht
- Sipke sil sile
- Sipke fynt in ljipaai
- Sipke leart fierljeppen
Annika van der Zee: “Dit boek is gaadlik foar basisskoallebern fan alle leeftiden. It boek is twatalich: it is skreaun yn it Nederlânsk en it Frysk en op rym. Foar de beukers is it moai om út foar te lêzen en as de bern sels lêze kinne is dit in gaadlik boekje om mei te begjinnen (ûngefear groep 4). It boek is koart en oan de ein fan it boek steane alle keatstermen útlein. Dêrom soe it goed brûkt wurde kinne yn it ûnderwiis om it Fryske keatsen út te lizzen.” Lês hjir Annika har folsleine resinsje.
Jettie de Wilde: “Benammen tekstueel is it boek slagge. Lida Dykstra skriuwt yn flotte sinnen, allegear op rym. It ferhaal is ek moai betocht, want ek al wint Sipke syn partoer (dat wurd moast ek útlein wurde) net, it is dochs in goede wedstriid. En der is hope foar Jelmer en Marije, want Sipke sels hie earst ék gjin doel oer keatsen.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Jettie.