Kategoryen

No products in the cart.

Sipke vindt een kievitsei - Sipke fynt in ljipaai

Lida Dykstra

9,99

Details

Lytse pipermûs Sipke is in echte fjildman, lykas syn pake. Ier en betiid geane se der tegearre op út. Se stappe troch de lannen en ljeppe oer in sleat, op ‘e syk nei in ljipaai. Want pas as se dat fine, is de maitiid begûn!

Tredde dieltsje yn de súksesfolle Gouden Boekjes-rige oer Sipke Pipermûs. De boekjes binne twatalich en op rym.

Leeftyd 4+

Dit boekje is opnommen yn de seleksje White Ravens 2021:

https://afuk.frl/sipke-vindt-een-kievitsei-sipke-fynt-in-ljipaai-opnommen-yn-seleksje-white-ravens-2021/

 


Antje: “De Fryske tekst en de útdrukkingen dy’t deryn stean, passe alhiel by it aaisykjen. En it bysûndere is dat de tekst ek oerset is yn it Nederlânsk. De tekst is op rym, en de wurden dûnsje dan ek út je mûle as je oan it foarlêzen binne.” Lês hjir de hiele resinsje fan Antje.

Wytske: “Om’t it ferhaal op rym is, is it foar bern maklik te folgjen. Doe’t it ferhaal út wie, pakte Hidde de kiker fan heit. Foar it rút hat er hiel lang mei de kiker nei ljippen socht. Spitigernôch lieten de ljippen har dy deis net sjen, mar lykas pake yn it boek seit: “Wa’t each en hert hat foar de natoer, dy is skathimelryk!” En sa is it mar krekt!” Lês hjir de hiele resinsje fan Wytske.

Author : Lida Dykstra ISBN : 9789047628033 New label : 1 Pages : 28 Language : Frysk Nederlânsk Publisher : Rubinstein Illustrator : Harmen van Straaten Kategory: , , , , , .