It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Sipke op ’e buorkerij/Sipke op de boerderij

Lida Dykstra

9,99

Details

It sânde dieltsje yn de twatalige rige Gouden Boekjes oer Sipke Pipermûs en syn pake. Dizze kear helpe se boer Hûn op de buorkerij. Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan alles oer it Fryske lânskip. En as it wurk achter de rêch is, kriget Sipke in hiel bysûnder kado.

Jacquelien: “De koarte tekst per side op rym, de moaie tekeningen en de kar om Frysk of Nederlânsk foar te lêzen meitsje it boek geskikt foar alle pjutten en beukers dy’t ynteressearre binne yn bisten en de buorkerij. En in perfekt boek om foar te lêzen, mei-inoar of allinne te besjen, nije wurden te learen en te genietsjen fan it libben op ’e buorkerij.” Lês hjir de folsleine resinsje.

Lieneke: ” Efter yn it boekje stean noch termen en útlis dêrby. Om’t guon wurden net folle brûkt wurde, is it moai datst dêr wat mear oer fertelle kinst, sadat de bern ek goed witte wat it betsjut. Ek binne de yllustraasjes derby hiel leuk. Ilse (4 jier) telt benammen de bistjes, Jesse (3 jier) helpt mei te tellen, mar fynt foaral it ferhaal en de plaatsjes hiel leuk en Femke (1,5 jier) besiket by elk bist it lûd nei te dwaan” Lês hjir de folsleine resinsje.

 

Author : Lida Dykstra ISBN : 9789047628033 New label : 1 Pages : 30 Language : Frysk Nederlânsk Publisher : Afûk/Rubinstein Format : ynbûn Illustrator : Hanne Snel Kategory: , , , , .