Seis Ses Zesse Ses - Fryske boekewike geskink
Details
‘Seis Ses Zesse Ses’ ferrassende ferhalen fan skriuwers dyt de lêzer meinimme yn harren eigen taal: it Frysk, Stellingwarfs, Snekers en it Bildts. Fjouwer talen, seis stimmen en wrâlden dy’t fertroud lykje, mar hieltyd in ferrassende draai nimme. Humor, tragyk en beskôging wikselje inoar ôf.
Yn de Fryske Boekewike trede de skriuwers fan it Kadoboek yn wikseljende gearstalling rûnom op yn de provinsje.
• 2 novimber, 19.30 Johan Veenstra, Gerard de Jong en Gabrielle Terpstra, Bibliotheek Heerenveen, It Hearrenfean
• 3 novimber, 19.30 Henk van der Veer, Johan Veenstra en Martsje de Jong, De Koperen Kees, Snits
• 4 novimber, 19.30 Gerard de Jong, Martsje de Jong en Marije de Lange, Het Graauwe Paard, Ouwe Syl
• 6 novimber, 19.30 Henk van der Veer, Gabrielle Terpstra en Marije de Lange, Bibliotheek Makkum
Alle optredens binne fergees tagonklik en by alle optredens is in ferskaat oan Fryske boeken te keap.
It Frysk Kadoboek ’Seis Ses Zesse Ses’ is de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske boeken.
It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar lês- en ferkeapbefoardering en de promoasje fan it Fryske boek. Under oaren troch it organisearjen fan de Fryske Boekewike en de Sutelaksje. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en oare projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl.
Bernebibel
Het halve dorp moest verhuizen - De doleantie in Hijlaard
In brogge van glas - Audioboek
De Vrije Fries, deel 105 - 2025
Fries Fietsvlaggetje
Boekelizzer: heit is myn held
Kaart: De leafde is ûneinich (Falentynskaart)
Spegelrinner - Gedichten
Kaart: krûpke?
It Heksershol - Audioboek
Uit de bajes - Veenhuizen
heit en mem online winteredysje
Kondoleânsjekaart: foar dy wie hy dyn wrâld. (effen griene kaart)
Miniskule bjirkenbroekbosken
Snippers (ferskynt begjin desimber 2026)
Juster wie alles oars