Rosmos
Willem Schoorstra
€10,00
Details
Hedzer, telch út it romrofte Mebiuslaach, ûntflechtet it miljeu dêr’t er yn grut wurden is. Gjin wiithannel, kontrabande of yllegale saakjes mear foar him. Dochs falt it him net ta om syn Mebiuswêzen samar oan ‘e kant te skowen. Hedzer bedarret yn it nachtlibben, moetet in lichte fûgel en wurdt ferlyfd. Fan dat momint ôf rekket syn libben yn in streamfersnelling. Hy komt net allinne op de frjemdste plakken telâne, mar moat ek de wichtichste fragen beantwurdzje…
Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfries saté yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.
Aaltje de Jong - Herinneringen aan het Nieuwe Stadsweeshuis in Leeuwarden van 1905-1920
Bontebok - Onderduik en verzet in het land van Abe Lenstra
Opereren in de bestuurskamer - 200 jaar Frisius MC en zijn voorgangers