Reedride op glêd iis
Josse de Haan
€27,50
Details
Dizze bondel ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, analyzes, anarkys, kollaazjes, ensfh. is de fjirde yn de rige eigen wurk dy’t Josse de Haan sûnt 2005 gearstald hat – Kastanjes Poffe (2005), Kidelstiennen heine en slaan (2007), Frozen moonlight yn myn hannen (2013) en no dan Reedride op glêd iis.
Dit boek befettet op ’e nij literatuerhistoarje – oer de ôfrûne fyftjin jier (sûnt Piksjitten op Snyp op 9-9-’99 ferskynde). It jout nij wurk, c.q. nea publisearre, en artikels út ûnderskate papieren en digitale tydskriften. In pear binne yn boeken ferskynd.
Brieven oan (literêre) freonen en reaksjes op mails en blogs oer literêre ûnderwerpen jouwe wat mear sicht op it literêre bedriuw sa’t him dat yn syn eagen de ôfrûne desennia ûntwikkele hat. De kampanjes om Piksjitten op Snyp hinne kinne ferhelderjend wurkje, en jouwe in sicht op de net altiten transparante en koosjere hâlding fan ynstitúsjes, kommisjes en guon persoanen.
Syn wurk, sawol primêr as sekundêr, is de delslach fan it libjen yn twa talen, yn twa kultueren, en no – nei in fyftjin jier libjen yn in seistal talen – is it noch breder wurden.
Oan primêr poëzywurk is opnommen in rige fan 37 fersen en 14 anarkys (fisuele poëzy). Twa nea publisearre ferhalen ferskine yn dit boek. Brieven oer literatuer oan kollega’s/freonen, gedichten oer en oan freonen/dinnen en besprekken fan wurk kompletearje de bondel. De fjouwer útjeften mei foaral sekundêr wurk jouwe in byld fan de Fryske literatuer fan de ôfrûne jierren troch syn eagen, beskriuwe ek de tûkelteammen dêr’t je as skriuwer yn in lyts taalgebiet mei te krijen hawwe. De oergeunst ek.