It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Rêdbâd - Kening fan ’e Friezen

Willem Schoorstra

22,95

Details

“Nea en te ninter hat de skiednis in kening lykas Rêdbâd kend, en syn namme is grut ûnder de himel. Doch wie it in minske lykas alle oaren. En ik, Hadagrim, soan fan Egisgar – mar ek Raven, namme fan Rêdbâd my jûn – sil it libben fan Rêdbâd Kening boekstaverje, alle pryslike en dappere dieden; mar ek de setten dêr’t ik it nea mei lykfine kinnen haw. Sa’t it west hat, sil it beskreaun wurde, ek myn eigen part yn de histoarje fan ús lân. En dat part is, lykas Rêdbâd sines, net allinne mar ynfieren en fan rom oergetten.
Ferwis, no’t ik tebek sjoch op it libben, benearje my de tsjustere en ferhoalen dieden. Yn dit geskrift wol ik ek dêr rekkenskip fan jaan.”

Hadagrim is de ferteller yn de roman Rêdbâd – Kening fan ‘e Friezen. Willem Schoorstra (1959) set it heldhaftige libben fan de meast legindaryske kening en syn tiid del yn masterlike styl. Syn eardere romans, Swarte Ingels (2004, bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken (2007), Pier – de profesij fan bline Simen (2015) en De nacht fan Mare (2017, bekroand mei de Rink van der Veldepriis 2018), binne pearels yn de Fryske literatuer, kontroversjeel fan ynhâld en skreaun yn byldzjende taal.

Fan dit boek is ek in Nederlânske oersetting beskikber: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/redbad-koning-van-de-friezen/

 

 

 

 

 

Author : Willem Schoorstra ISBN : 9789492457233 Pages : 369 Language : Frysk Publisher : Het Nieuwe Kanaal Format : paperback Kategory: , .