It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Pippi Langkous - Fryske edysje

Astrid Lindgren

24,99

Details

Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ‘e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren.

Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy’t bern bliuwe wol.

Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) har skriuwerskarriêre begûn eins op ‘e dei dat har dochterke om in ferhaal frege; it waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy’t oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.

Martsje de Jong oer Pippi: “Nei “Karlsson fan it dak” krigen wy it deroer dat Pippi no oan bar wie. Frij flot dêrnei krige ik in tillefoantsje: it moast mar wêze. Ik haw de nijste Sweedske edysje brûkt as boarne. Astrid Lindgren hat yn 1993 noch in kear nei de ferhalen sjoen en dingen feroare. Oarspronklik wie Pippi har heit bygelyks negerkening. Dat kin echt net mear en dêrom hat se dat oanpast. It Sweedsk leit trouwens folle tichter by it Frysk as by it Hollânsk.” Lês hjir it folsleine ynterview mei Martsje.

Besjoch hjir it filmke fan Martsje oer it boek ‘Pippi Langkous’.
—————————

Liesbeth: “Pippi Langkous, de measte minsken kenne har wol. En dat dêr no in Frysk boek fan is, is hielendal leuk, foar jong en âld! It boek is yn in moai kompakt formaat. Der steane prachtige tekeningen yn dy’t it hielendal ôfmeitsje en ta libben bringe. It boek is aardich foar jong en âld, om foar te lêzen, mar ek om sels te lêzen.” Lês de folsleine resinsje fan Liesbeth hjir op heitenmem.nl.

Annika: “It boek is geskikt foar bern út de boppebou om sels te lêzen (9+) en foar alle leeftiden om foar te lêzen. Pippi har ferhalen liene har ek goed foar sosjaal-emosjonele foarming. Somtiden docht Pippi dingen dy’t hiel gek binne. It kin moai wêze om mei bern yn petear te gean oer de aksjes fan Pippi: wat fine se derfan? Trochdat Pippi sels in bern is, is it foar bern makliker om harren yn har situaasje te ferpleatsen.” Lês de folsleine resinsje fan Annika hjir op heitenmem.nl.”

Ek te krijen:

Author : Astrid Lindgren ISBN : 9789493159495 New label : 1 Pages : 344 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Translator : Martsje de Jong Illustrator : Carl Hollander Kategory: , , , , , , , .