Papierfiskjes lêze net en oare ferhalen
Willem Winters
€14,50
Details
Yn dit boek fertelt Willem Winters wêrom hy in hekel hat oan neakenslakken en hoe’t de snoek oan syn piercing kaam. Lês wat hy skriuwt oer de nijste trend: it hynderfytsen. De oarloch tusken boeren en mûzen en noch folle oare nijsgjirrige ûnderwerpen komme oan de oarder. In Roemeenske hûn fertelt hoe’t hy yn Nederlân kaam. Hoe funksjonearret in miggehelpbrigade, hoe komt de depressieve mol der wer boppe op en wat is der sa bysûnder oan Fritti, it papierfiskje?
Willem Winters (1946) studearre sosjology, publisearre oer de skiednis fan de âldereinsoarch, begûn by De Strikel healwei de jierren 70 en skreau dêrnei foar Hjir, Trotwaer, Ensafh en De Moanne. Sûnt 1984 is hy drok mei syn útjouwerij Perio.