Kategoryen

No products in the cart.

Omke Ûle sjocht stjerren

Paul van Dijk

14,50

Details

Omke Ûle hat in dream: hy wol op romtereis. Mar hy komt net fierder as syn beam. Syn neefke Eppy wit wol ried. Hy bout foar Omke in raket, mar it ding docht net wat omke wol.
Op it momint dat Omke en Eppy it opjaan wolle, komt der help út in ûnferwachte hoeke…

Omke Ûle sjocht stjerren giet oer freonskip, omgean mei teloarstellingen en it neijeien fan dyn dreamen.


Sita Dotinga: “It boek hat prachtige tekeningen dy’t hiel goed by dit ferhaal passe. En ek de bisten en kabouters dy’tst fine kinst, binne in leuke tafoeging oan dit boek. Us Femke en Bearnt sykje beide nei de ferstoppe kabouters, de flearmûs en de pau. Fan alle boeken dy’t no yn ’e kast steane, is Omke Ûle mei syn raket no al in favoryt! Koartsein: in hiel moai, fantasyryk berneboek dêr’t elkenien, ek folwoeksenen, noch fan leare kin.” Sjoch hjir foar de folsleine resinsje fan Sita.

Maaike Boomsma: “Omke Ûle sjocht stjerren is in ferrassend ferhaal. It is moai op rym skreaun en lêst yn in hearlik ritme foar. It ferhaal sit fol lytse grapkes, benammen yn de prachtige sfearfolle en kleurige tekeningen. Foar elkenien is der wol wat op te sjen en te ûntdekken. Sawol ús âldste soan fan njoggen jier as ús jongste fan twa sieten oandachtich te lústerjen.”  Sjoch hjir foar de folsleine resinsje fan Maaike.

Author : Paul van Dijk ISBN : 9789493318182 Language : Frysk New label : 1 Publisher : Afûk Format : ynbûn Illustrator : Paul van Dijk Pages : 26 Kategory: , , , .